Wurkesto mei pjutten? En wolst it Frysk ek in plakje jaan? Tomke hat in breed oanbod oan materialen foar elk tema, sawol op papier as digitaal. Sa kinsto bern ek op it pjutteboartersplak of bernesintrum in moaie basis foar meartaligens biede.
De aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op in ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne.
Al pratend, lêzend, sjongend, dûnsjend, boartsjend en nifeljend wurdt oan ’e hân fan tolve tema’s de taalûntwikkeling fan bern stimulearre. Mar likegoed ek de emosjonele, sosjale en motoaryske ûntwikkeling. Handich dêrby is dat de tema’s en aktiviteiten oanslute by de Nederlânske metoaden ‘Uk en Puk’ en ‘Piramide’.
‘Praatsjemakkers’ binne ferhaaltsjes dy’t pedagogysk meiwurkers allinne of tegearre spylje kinne mei hânpoppen. Sûnder poppekast en sûnder fêste teksten, mar mei alle romte om binnen in tema praatsjes te meitsjen mei de poppen en de bern. Set dit knibbelboek op ’e skoat of op ’e tafel. Sa sjogge de bern de yllustraasje by it ferhaal en hat de ferteller de hannen frij foar de hânpoppen.
Yn de ferhaaltsjes, dy’t oanslute by de tema’s fan Doch mear mei Tomke en Nederlânske VVE-programma’s, belibbet Tomke wer fan alles mei syn freontsjes. Sa’n freontsje kin de Frysktalige Romke of Yana Yu wêze, mar it soe ek in Nederlânsktalich freontsje wêze kinne, lykas bygelyks Puk.
Bestel ‘Praatsjemakkers’ foar jim opfang troch in mail te stjoeren nei ynfo@tomke.frl. As jim it knibbelboek ophelje by de Afûkwinkel yn Ljouwert, dan is ‘Praatsjemakkers’ fergees! It boek kin ek opstjoerd wurde, jim betelje dan allinne de ferstjoerskosten.
Yn de 'Tomketeek' binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen foar pjutten sammele. De materialen binne sortearre op tema en by alle tema's is foar liedsters/gastâlders in grut ferskaat oan Fryske materialen te finen om te brûken yn de pjutte-opfang, lykas bygelyks ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, filmkes, praatplaten, opsisferskes en boeketips. Freegje fergees dyn ynlochkoade oan, do krijst dyn ynlochgegevens dan oer de mail, sadatst daliks oan 'e slach kinst mei de Tomketeek!
Trije kear yn it jier ferskynt der in papieren Tomke-nijsbrief mei ynformaasje oer aktiviteiten, nije materialen en oare nijtsjes op it mêd fan it Tomke-projekt. De nijsbrief wurdt ferstjoerd nei alle bernesintra yn Fryslân en is ek te krijen yn de biblioteek. Krije jim de nijsbrief op jim bernesintrum noch net?
Wolle jimme op jim lokaasje wat mear mei in boek dwaan? Elk jier wurdt der mei de 'Nationale Voorleesdagen' in lesbrief by it printeboek fan it jier makke, mei dêryn in Fryske oersetting fan dat boek. Mar ek by in soad oare boeken binne Fryske lesbrieven te krijen, mei tips by it foarlêzen en aktiviteiten om it tema fan it boek hinne. Alle lesbrieven binne te finen yn de Tomketeek.