Alle produkten en aktiviteiten fan it Tomke-projekt hawwe as doel te soargjen foar in rike meartalige omjouwing, om sa de taalûntwikkeling en lêswille fan bern te stimulearjen.
Fan 11 o/m 29 septimber binne it wer de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Alle pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra krije automatysk de boekjes besoarge, foar it tal pjutten dat dêr ynskreaun stiet. Hjirûnder fynst de ferspriedingslist.
Oare foarlêsfeestlikheden
Yn de Lês-mar-foar-wiken is der noch folle mear te dwaan. Yn de biblioteken kinst ferskate foarstellingen folgje. It Tomke-boekje is dêr ek te krijen, en de âldere bern (4+) krije yn de biblioteek in fergees Keimpe-boekje mei. Op Tsjil.omropfryslan.nl fynst yn septimber wer nije aventoeren fan Tomke, en op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it boekje te hearren.
Fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris wiene dit jier de 'Nationale Voorleesdagen'. Yn dy perioade is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 6 jier. Alle jierren wurdt der in ‘printeboek fan it jier’ útkeazen en foar 2023 wie dat ‘Maximiliaan Modderman geeft een feestje’ fan Joukje Akveld en Jan Jutte. Yn de biblioteken leit der yn dizze perioade foar alle pjutten in fergees Tomke-boekje klear om op te heljen.
Ek dit jier hiene wy wer in lesbrief makke foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen, mei dêryn in Fryske oersetting fan dat boek, dat yn it Frysk de titel ‘Maximiliaan Modderman jout in feestje’ krigen hat. Yn de lesbrief steane fierder aardige suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne. Hjirûnder kinst de lesbrief fan dit jier noch downloade.
Yn 2024 binne de 'Nationale Voorleesdagen' fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris.
Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ yn jannewaris leit yn de biblioteken foar alle pjutten in fergees Tomke-boekje klear om op te heljen. It hiele jier troch kinne âlders en opfieders by de biblioteek terjochte foar ynformaasje oer meartalich grutbringen. Bern oant 18 jier kinne fergees lid wurde fan de biblioteek. Ek binne der yn de biblioteek geregeld foarstellingen te besjen. Sjoch op de webside fan jim biblioteek foar mear ynformaasje.
Belibje de aventoeren fan Tomke mei foarlêsboeken, rigeboekjes, knuffels en mear Tomke-guod, online te bestellen yn de Afûk websjop!
Alle jierren bringt it Tomke-projekt in fergees Tomke-boekje út yn in oplage fan sa’n 30.000 eksimplaren. Yn dat boekje steane Tomke-ferhalen, opsisferskes, ferskes en spultsjes oer it tema fan dat jier (bygelyks ‘feest’ of ‘natuer’). De boekjes wurde ein augustus útdield op alle pjutteboartersplakken en berne-opfangsintra yn Fryslân. De boekjes binne fan dan ôf ek te krijen by de konsultaasjeburo’s en biblioteken yn Fryslân. It Tomke-boekje ferskynt ek yn it Stellingwerfsk.
Op de spesjale Tomke-app kinst ferhaaltsjes lêze, ferskes belústerje, filmkes sjen en spultsjes dwaan! De Tomke-app is fergees en beskikber foar tablets en smartphones mei iOS en Android.
Alle jierren wurde der troch Omrop Fryslân achttjin nije telefyzje-aventoeren fan Tomke útstjoerd oer it tema fan dat jier. Yn de rest fan it jier wurde alle dagen werhellingen fan de Tomke-ôfleveringen útstjoerd yn it programma Tsjil.
De hiele dei nei Tomke lústerje, wa wol dat no net? Tomke hat syn eigen radiostjoerder by Omrop Fryslân! De hiele dei binne dêr ferskes en ferhaaltsjes te hearren.