Ferhaaltsjes foar pjutten, ynformaasje foar grutten!

Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.

Mear oer Tomke

It is maitiid!

De sinne skynt, de fûgeltsjes fluitsje, de earste lamkes binne wer sjoen.... it is noch wol wat kâld, mar wy sjogge, fiele en rûke de maitiid al! En wy ha der sin oan! Jim ek? Op de webside fynst ek wer fan alles oer de maitiid: kleurplaten, nifelwurkjes, gedichtsjes... soad wille!

Tomke foar thús

Krijsto de Tomke
nijsbrief al?

Lit dyn mailadres achter en bliuw op ’e hichte fan it Tomke-nijs! 

Tomke ferskes

Lês it temaboekje: 'Thús by Tomke'!

Yn nûmer 26 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear... 

Tomke temaboekje besjen

Tomke foar thús

Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!

Tomke foar thús

Tomke foar professionals

Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.

Mear ynfo