
Tomke belibbet mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe aventoeren dy’t ticht by it deistich libben fan pjutten steane.
It duorret noch eefkes, mar wy binne der al wer drok mei dwaande: de Lês-mar-foar-wiken! Fan 11 o/m 29 septimber is it wer safier, dan wurdt der yn hiel Fryslân foarlêzen oan pjutten yn it Frysk. Klik hjirûnder foar alle ynfo oer de Lês-mar-foar-wiken én foar de ferspriedingslist fan de Tomke-boekjes. Lêze jim mei?
Yn nûmer 26 fan it Tomke temaboekje steane wer in protte ferhaaltsjes, ferskes, puzels en noch folle mear...
Tomke wol de (Fryske) taalûntwikkeling fan pjutten op in boartlike wize stimulearje. Wolsto thús mei dyn pjut ek mei Tomke oan ’e slach? Dat kin hiel maklik mei de Tomke-materialen: ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, nifelwurkjes ... allegear hjir te finen!
Wolsto as professional mei Tomke wurkje? Yn de Tomketeek fynsto allerhanne materialen om yn dyn groep mei it Frysk oan ’e slach te gean.