Nei it húske

'Oe,' seit Tomke, 'ik moat poepe.
Ik sil gau nei 't húske ta.
Wolsto aanst myn kontsje feie?'
seit er tsjin Kornelia.
Gau lit er it broekje sakje,
dan klimt Tomke op de bril.
Romke sit op him te wachtsjen.
Wat is it ynienen stil!
'Plop!' heart er dan yn it wetter.
Tomke stint. Komt der noch mear?
Nee, hy glidet fan it húske.
'Kornelia! Ik bin klear!'
Kornelia feit syn kontsje
mei in sêft papierke skjin.
Hantsjes waskje en dan droegje.
Knap, wat Tomke sels al kin.
Letter moat ek Romke poepe.
Jakkes, bûten reint it sa.
Romke tinkt: ik doch as Tomke.
Ik gean ek nei 't húske ta.
Stil slûpt Romke nei it húske.
Dan in hipke... op de pot!
Mar o jee! Dy glêde râne.
Poatsjes glydzje... Wat is dat!
'Help!' blaft Romke. 'Tomke, kom!'
't Hûntsje is wol sa benaud.
Sakket stadich yn it wetter,
wylst er mei syn poatsjes klaut.
'Hee,' seit Tomke, 'ik hear Romke.'
Draaft fluch op it blaffen ou.
Docht de doar fan 't húske iepen.
'Tomke,' heart er, 'help my, gau!'
Dêr sjocht er it brune kopke.
't Wetter dript him út it hier.
Tomke moat ôfgryslik laitsje,
Romke sjocht net mear sa blier.
Tomke sil syn freontsje helpe,
want it hûntsje hat fertriet.
Lûkt it bistke út it wetter.
Beide wurde dweiltrochwiet.
Kornelia heart it leven
en sjocht earst al wat swart.
Mar dan moat se dochs wol laitsje.
Set se beide yn it bad!
Foarige
Folgjende

Mear Fryske boekjes foar pjutten?

Op de websjop fan de Afûk fynsto in oersjoch fan alle Fryske boekjes dy't geskikt binne foar 0-4 jier.
Nei de Afûk websjop