Projekt

Tomke

-Ferhalen foar pjutten, ynformaasje foar grutten!-

 

Tomke is in mantsje dat mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe in soad aventoeren belibbet. De ferhalen fan Tomke steane ticht by it deistich libben fan lytse bern. Bern werkenne harren sels yn de aventoeren; se reagearje op wat se sjogge en hearre. Sa wurdt lêzen mear!


Tomke-projekt

Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare.

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjirûnder om it jierferslach fan 2016 te downloaden.

- Tomke jierferslach 2016 - Frysk
- Tomke jaarverslag 2016 - Nederlands

Wurkgroep

It Tomke-projekt hat in wurkgroep dy’t út in tal ynstellings bestiet. De koördinaasje fan it hiele projekt is yn hannen fan de Afûk (Lisa Boersma en Tjitske van Dijk) en de Bibliotheekservice Fryslân (Gertrud Palstra). Sjoch foar mear ynformaasje oer de Afûk op www.afuk.nl en oer de Bibliotheekservice Fryslân op www.bibliotheekservice-fryslan.nl.


Tomke-temaboekje jierliks yn juny (gratis)

Elk jier bringt it Tomke-projekt yn juny in gratis Tomke-boekje yn in oplage fan sa’n 30.000 eksimplaren op 'e merk. It boekje bestiet út seis Tomke-ferhalen, opsisferskes en lietsjes en spultsjes oer it tema fan dat jier (bygelyks feest of natuer). De boekjes wurde yn de earste wike fan juny útdield fia boartersplakken en berne-opfangsintra dy't meidogge oan de Fryske Foarlêswike (sjoch hjirûnder foar mear ynformaasje). De boekjes binne yn juny ek te krijen by konsultaasjeburo's en de bibleteken yn Fryslân.


Fryske Foarlêswike mei Tomke temaboekje

Yn de earste wike fan juny is de Fryske Foarlêswike, organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. It ‘Selskip’ stipet de Fryske taal en kultuer en wol yn ’e mande mei de Tomke-wurkgroep it foarlêzen oan jonge bern in stimulâns jaan. Yn dizze wike wurdt it jierlikse fergese Tomke-temaboekje ferspraat. Op sa’n 600 groepen fan bernesintra wurdt troch frijwilligers foarlêzen út it Tomke-temaboekje en dêrnei krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Wa’t mear witte wol oer de Fryske Foarlêswike kin kontakt opnimme fia foarleswike@gmail.com of mei Geeske Frieswijk: 0513-632989. Sjoch foar mear ynformaasje oer hoe’t bernesintra meidwaan kinne oan de Fryske Foarlêswike hjir, of by dizze printferzje fan de ynformaasje. 


Tomke-materialen

Tomke-pak 

Foar foarlêsaktiviteiten, talige aktiviteiten of foar feestlike gelegenheden op in pjutteplak of bernesintrum kin it Tomke-pak hiert wurde.

Ynformaasje oer it hieren fan it pak l tips foar aktiviteiten Frysk

Informatie over het huren van het pak l tips voor activiteiten Nederlands 

Tomke-materialen 

Sjoch hjir foar in oersjoch fan de Tomke-materialen.


Tomke-ûndersyk

Op welke manier wordt Tomke ingezet in de kindercentra in Fryslân en welke behoeftes zijn er nog voor de toekomst?
Yn novimber 2013 is der in ynventarisaasje-ûndersyk west nei de brûkberens en it ferlet fan de Tomke materialen. 161 pjutteliedsters fan bernesintra út hiel Fryslân hawwe in fragelist ynfolle. 88% fan de ûnderfrege liedsters (142 fan de 161) binne (hiel) bekind mei it Tomke-projekt. En 81% brûkt de Tomke-materialen regelmjittich. Dêr wurde wy fan Tomke no bliid fan! 
Sjoch hjir foar de útkomsten fan it ûndersyk op in A4.
Sjoch hjir foar de samenvatting/ gearfetting fan it ûndersyk.
Sjoch hjir foar it komplete rapport fan it ûndersyk.


Tomke-ynspiraasjejûn

Elk jier organisearret de Tomke-wurkgroep in middei en/of jûn foar liedsters en oare profesjonals. De ynhâld fan de middei en/of jûn hat te krijen mei it Tomke-tema. It doel is om nije ynspiraasje te krijen foar it wurkjen oan taal- en lêsbefoardering op it mêd fan meartaligens. De ynformaasje en wurkwinkels (workshops) slute oan by it tema fan Tomke.


Tomke-website

De Tomke-website is ûntwikkele en wurdt ûnderhâlden troch de Afûk en bestiet út trije dielen: spultsjes en boekjes lêze foar de bern, ynformaasje lykas lêstips foar de âlders en ynformaasje oer it wurkjen mei Tomke foar de bernesintra. Under ‘Bernesintra’ binne ek de oanfoljende materialen by de aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ te finen. De spultsjes foar de bern wurde om de safolle tiid oanpast oan de tiden fan it jier en oare algemiene tema's.


Tomke-nijsbrief

De papieren Tomke-nijsbrief mei ynformaasje oer aktiviteiten, nije materialen en oare nijsgjirrichheden op it mêd fan it Tomke-projekt wurdt ferstjoerd nei alle bernesintra yn Fryslân en ferskynt trije kear yn ’t jier: yn septimber, jannewaris en maaie. De nijsbrief is te krijen yn de bibleteek.

De digitale nijsbrief ferskynd ûngefear twa kear yn ’e moanne. Oanmelde foar de digitale nijsbrief kin rjochtsboppe op de webside.


Tomke op tv

Yn de maitiid wurde troch Omrop Fryslân achttjin nije televyzje-aventoeren oer Tomke útstjoerd. De aventoeren ha ek it tema fan dat jier en acht útstjoerings dêrfan wurde op dvd útbrocht. Fia www.omropfryslan.nl en YouTube binne de útstjoerings te sjen of sjoch by 'Tomke sjen'.

De dvd’s binne te keap yn de (web)winkel fan de Afûk. Sjoch dêr ek foar in oersjoch fan alle Tomke- materialen.


Tomke op de radio

De hiele dei nei Tomke lústerje, wa wol dat no net? Tomke hat syn eigen radiostjoerder by omrop Fryslân!

De hiele dei binne der sawol ferskes as ferhaaltsjes te hearren. Moarns ferskes en ferhaaltsjes foar de lytste bern en middeis ferskes en ferhaaltsjes foar de wat gruttere bern. En om bêdtiid hinne binne der in oere lang ferhaaltsjes te hearren op de nije digitale stjoerder.


Harkje hjir nei Tomke-radio: http://www.omropfryslan.nl/live/tomkeradio 


Tomke-foarstelling ‘Lekker ite’ (dizze foarstelling is ôfrûn)

Fanôf 1 febrewaris 2015 oant july 2015 (begjin grutte fakânsje) spylje Jetske Miedema en Riemkje Pitstra de foarstelling 'Lekker ite'. Mear ynformaasje oer de foarstelling en oer it ynhieren is te lêzen by 'Nijs en aktiviteiten'. Sjoch hjir foar in oersjoch fan de data fan de Tomke toer.


Tomke-foarstelling ‘De Hutselfrutsel’ (dizze foarstelling is ôfrûn)

Fan 20 septimber 2013 ôf spylje Riemkje Pitstra (skriuwster fan de Tomke-ferhalen) en Jetske Miedema de foarstelling ‘De Hutselfrutsel’ op bernesintra. Mear ynformaasje hjiroer en oer it ynhieren is te finen by it nijsoersjoch en by Materialen of sjoch hjir foar de flijer.


Tomke-teaterfoarstelling fan Tryater: Tomke siket om 'e kluts

Tryater hat yn gearwurking mei de Afûk yn 2011 in Tomke-foarstelling makke. In muzikale teaterfoarstelling oer de dingen, de wurden en de klanken. Fan de foarstelling binne troch Omrop Fryslân opnamen makke dy’t te sjen binne op YouTube.


Tomke-muzykfoarstelling fan Stichting Sake Speelt

De Stichting Sake Speelt hat ek teaterfoarstellingen mei Tomke en Romke yn de haadrol. It binne lytsskalige foarstellingen mei in soad moaie ferskes. Op dit stuit sjocht Sake Speelt om him hinne en tinkt nei oer in nije Tomke-foarstelling. Foar mear ynformaasje kinne jo sjen op www.sakespeelt.nl.


Wêrom is it Tomke-projekt oprjochte?

Net folle (les)materiaal yn it Frysk foar pjutten

It Tomke-projekt, in Frysk lêsbefoarderingsprojekt foar de jongste bern, is yn 1996 begûn. Der wie destiids net folle (les)materiaal yn it Frysk foar pjutten. Der wie ferlet fan goed, brûkber, aardich en learsum materiaal.

Oandacht foar de eigen taal

Foar it stypjen fan de Fryske taal jildt dat lêsstimulearring lykop gean moat mei de Nederlânske taal. Oandacht foar de eigen taal, in fûnemint lizze foar de memmetaal, is dan ek ien fan de wichtichste útgongspunten fan it Tomke-projekt. In iepen hâlding nei oare kultueren is dêrby fansels.

Lêsbefoardering

Alden en pjutten stimulearje om te lêzen. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtige boustiennen foar de taalûntwikkeling fan lytse bern. It oanlearen fan in positive hâlding foar it (foar)lêzen en fertellen fan ferhalen oer bliuwt benammen foar minsken dy't net folle nocht oan lêzen hawwe in aktiviteit dy’t hieltyd weromkomt.

Minderheidstaal

By in minderheidstaal is it ûntwikkeljen fan in positive hâlding foar de eigen taal oer tige wichtich. Bern moatte al jong harren eigen taal en wurdbyld kennen leare. Ut ferskate ûndersiken is ûnderwilens bekend wurden dat bern dy't harren memmetaal goed behearskje, maklik in oare taal leare kinne. Dat jildt fansels ek foar Fryske bern.


De organisaasjes achter it projekt (de Tomke-wurkgroep):

It Tomke-projekt is in inisjatyf fan in oantal organisaasjes yn Fryslân: Afûk, Bibliotheekservice Fryslân, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân, CMO Partoer. Fan al dy organisaasjes nimt in fêste meiwurker aktyf diel oan it projekt. Dy meiwurkers foarmje meielkoar de 'Tomke-wurkgroep'. Yn de wurkgroep sit ek in âlder fan jonge bern en ien fan de skriuwsters fan de Tomke-ferhalen. De koördinaasje, administraasje en finansjele ôfhanneling leit yn hannen fan twa meiwurkers fan twa organisaasjes. Sy binne tegearre de koördinatoaren fan it Tomke-projekt.

Sjoch foar alle kontaktgegevens by 'Kolofon'

 

Oersjoch en opset fan de Tomke-wurkgroep

Koördinaasje:

Afûk, stipe-organisaasje foar de Fryske taal (koördinaasje en materiaalûntwikkeling)

Bibliotheekservice Fryslân (koördinaasje, administraasje en finansjele ôfhanneling)

Promoasje en fersterking:

Cedin/Taalsintrum Frysk, ûnderwiisbegeliedingstsjinst

Stichting Frysktalige Berne-opfang

Omrop Fryslân (televyzjeútstjoerings)


Tomke-temaboekje

Elk jier wurdt troch it Tomke-projekt in gratis Tomke-temaboekje makke:

  • Tomke 1 'Foarlêze' (1997)
  • Tomke 2 'Rymkes en ferskes' (1998)
  • Tomke 3 'Taal & boartsje' (1999)
  • Tomke 4 'Taal & groeie' (2000)
  • Tomke 5 'Taal & bewege' (2001)
  • Tomke 6 'Taal & muzyk' (2002)
  • Tomke 7 'Taal & keunst' (2003)
  • Tomke 8 'Taal en in tút' (2004)
  • Tomke 9 'Taal yn kleur en foarm' (2005)
  • Tomke 10 'Kom yn myn hûske' (2006)
  • Tomke 11 'Op reis' (2007)
  • Tomke 12 'Earst dit... dan dat' (2008)
  • Tomke 13 'Hip, hip... hap' (2009)
  • Tomke 14 'Tomke yn it ferkear' (2010)
  • Tomke 15 'Feest!' (2011)
  • Tomke 16 'De natuer yn...' (2012)
  • Tomke 17 'Wat in keunst!' (2013)
  • Tomke 18 'Ik bin Tomke' (2014)
  • Tomke 19 'Hoi Tomke' (2015)
  • Tomke 20 ‘Dat hast goed dien, Tomke’ (2016)

Jierferslach Tomke-projekt

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sûnt it ferslachjier 2012 is it jierferslach twatalich. Sjoch hjirûnder om it jierferslach te downloaden.

Tomke jierferslach 2015 (Frysk)

Tomke jierferslach 2015 (Nederlânsk)

Tomke Jierferslach 2014 (Frysk)

Tomke Jierferslach 2014 (Nederlands)

Tomke Jierferslach 2013 (Frysk)

Tomke Jierferslach 2013 (Nederlands)

Tomke Jierferslach 2012 (Frysk)

Tomke Jierferslach 2012 (Nederlands)

Tomke Jierferslach 2011 (Frysk)

Tomke Jierferslach 2010 (Frysk)

Tomke Jierferslach 2009 (Frysk)


De Tomke-formule

Yn 2011 is it stik ‘De Tomke-formule’ skreaun troch de Tomke-wurkgroep. It is in Nederlânsk stik dêr’t de doelen, doelgroep, omskriuwing, materialen en aktiviteiten yn beskreaun wurde. Hjiryn wurdt ek de keppeling nei meartaligens en lêsbefoardering makke en de oansluting op VVE-materiaal. It stik ‘De Tomke-formule’ kin hjir download wurde: De Tomke-formule (Nederlands)

Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!