Tema's

Tomketemaboekje, meidwaan oan de Fryske Foarlęswike

Wy krije faak de fraach: ‘Hoe kinne wy oan de fergeze Tomkeboekjes komme op ús bernesintrum?’ By dy fraach geane wy derfan út dat it Tomketemaboekje lykas hjirûnder bedoeld wurdt: 

Dit Tomketemaboekje ferskynt elk jier yn juny en is fergeesBernesintra kinne foar al harren pjutten fergees in boekje krije troch mei te dwaan oan de Fryske Foarlêswike yn juny. 
Dêrneist wurdt it boekje yn juny oan âlders mei pjutten (2 en 3 jier) útdield by de bibleteken en de konsultaasjeburo’s yn Fryslân.  

Wat hâldt meidwaan oan de Fryske Foarlêswike yn: 
Meidwaan is net dreech en hartstikke leuk! 363 bernesintra (260 pjutteboartersplakken en 103 bernedeiferbliuwen) dogge al mei! En jou se ris ûngelyk, want eins hoecht it bernesintrum der neat foar te dwaan: kwestje fan oanmelden en oantal pjutten trochjaan. 

En dan komt der ien kear yn it jier, yn de earste wike fan juny, op de dei en it deidiel dy’t jim foarôf ôfpraat hawwe in frijwillige foarlêzer op jim bernesintrum. Hy of sy lêst dan oan jim pjutten foar út it nijste Tomketemaboekje. Hy of sy docht dat mei in protte nocht en wille! As it foarlêzen dien is, krije alle pjutten it Tomketemaboekje mei nei hûs… en jim bernesintrum krijt meastentiids ek noch fan alles, want wy binne nea sunich!  

Hoe kinne bernesintra harren hjir no foar oanmelde?  
Stap 1  
Ynformearje by kollega’s oft jim bernesintrum him al oanmeld hat foar de Fryske Foarlêswike. 
 
Stap 2 
Noch net oanmeld? Of earst mear witte? Stjoer in mail nei foarleswike@gmail.com of belje nei Geeske Frieswijk, tel. 0513-632989. Sy is de kontaktpersoan fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse en dat organisearret de Fryske Foarlêswike. Jou de namme fan it bernesintrum, it adres en de gemeente troch. Jou ek de namme fan in liedster fan it bernesintrum op as kontaktpersoan. 
 
Stap 3 
Der wurdt kontakt mei jim opnommen oer it hoe en wat.  
 
Stap 4 
It Tomketemaboekje hat elk jier in oar tema. It tema wurdt yn jannewaris bekend makke en op de Tomkewebsite wurde yn maaie en juny leuke suggestjes en lêsbrieven by it tema jûn. Moaie oanlieding om it tema te brûken mei de pjutten yn maaie en juny! 
 
Stap 5 
Alles regele? Dan komt yn juny op de dei en it deidiel dat jim ôfpraat hawwe in entûsjaste foarlêzer én al jim pjutten krije it Tomketemaboekje mei nei hûs. Kin net moaier! 
 
Bernesintra kinne dus allinnich mar Tomketemaboekjes foar harren pjutten krije as se harren opjûn hawwe foar de Fryske Foarlêswike. Oanmelde kin fia foarleswike@gmail.com, mar net fia Tomke.nl.

Printferzje fan dizze ynformaasje. 

«
Pagina1 2 3 4 5
Tips foar heitedei (19 juny): Nifelje: Medalje foar heit Nifelje: Ansichtkaart foar heit Ferhaaltsje fan de moanne: 'Heitedei' Tips op Pinterest: Boerd 'Heitedei/vaderdag' Boek 'Stip en syn heit' Boek 'Stip en syn heit' yn de Afûk ...

Yn de fakânsje kinst swimme, nei de bistetún en iisko’s ite. Dêr giet it dan ek allegear oer by it tema Wetter/Simmer. Dat hielendal fol stiet mei spultsjes, ferhalen, ferskes en kleurplaten. Alle freonen fan Tomke komst tsjin: Romke, Kornelia, Yana Yu en Tomke ek ...

In oantal aardige suggestjes foar memmedei  Kleurplaat 'Memmedei' Ferhaal 'Memmedei foar Kornelia' 'Korneliadei' Ferske 'In skilderij foar dy' (mei muzyknotaasje) Memmedei Nifelje Hert mei gedicht MEMory In moaie list Tv ...

Foar Keningsdei op 27 april hawwe wy in oantal aardige suggestjes sammele. Ferhaal: Ekstra ferhaal by 'Ferhaal fan de moanne' 'Tomkepoezen' Kleurje en nifelje: Kleurplaten 'Kening Tomke' en 'Keningsdei fiere' Nifelje mei de kleurplaat 'Kening ...

Peaske! In prachtich tema om lekker te nifeljen!  Tomke en Kornelia fervje peaske-aaien, kleurje in peaskehazze en meitsje nêstkes. Mar sjonge en lêze fansels ek! Hjirûnder in oerjoch fan ferskes, ferhaaltsjes en wurkblêden. Sjoch ek by it tema 'Maitiid' ...
«
Pagina1 2 3 4 5
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!