Materialen

'Doch mear mei Tomke' - Deiboekje fan Tomke

Deiboekje fan Tomke

As Tomke by de bern útfanhûs giet, kin hy ek in deiboekje meinimme yn 'e útfanhuzerstas. Yn dit deiboekje kinne de âlders koart opskriuwe wat Tomke dien hat by de bern thús. Der is ek romte foar in foto of in tekening. 

It deiboekje kin helpe yn it gesprekje dat de liedster mei de bern hawwe kin oer it útfanhúzjen.


Download in foarkant fan it deiboekje en printsje it út. Download en printsje ek ien of mear binnensiden fan it deiboekje foar de âlders om yn te foljen. Doch se yn in mapke en lit Tomke it deiboekje meinimme yn de útfanhuzerstas.

Deiboekje fan Tomke - Foarkant yn kleur

Deiboekje fan Tomke - Foarkant yn swart/wyt

Deiboekje fan Tomke - Binnenside

 

«
Pagina1 2 3 4 5
By de ‘Doch mear mei Tomke’ aktiviteitemap hearre ek deiritmekaarten. Yn de map sitte de deiritmekaarten foar ‘nei skoalle’, ‘boartsje’, ‘nifelje’, ‘fruit ite’, ‘bûten boartsje’, ‘muzyk’, ‘nei it ...

  Nationale Voorleesdagen   Fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris binne it wer de Nationale Voorleesdagen. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern ...

'Doch mear mei Tomke' is in map fol ynspiraasje foar liedsters fan bern fan 0 - 4 jier. 'Doch mear mei Tomke’ jout suggesjes foar aktiviteiten, sadat sy op ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne. Klik hjir foar mear ynformaasje en downloads ...

Poppekastferhalen Bern binne gek op poppekast. It is as belibje se de aventoeren fan de poppen sels mei. Hjirûnder steane poppekastferhalen mei Tomke yn de haadrol. De poppekastferhalen kinne by ferskillende gelegenheden brûkt wurde.  Romke wol ek nei skoalle - oer ...
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op ‘e hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!