Nijs en Aktiviteiten
11 Febrewaris 2015

Tomkefoarstelling 'Lekker ite'

Let op! Dizze foarstelling kin net mear ynhierd wurde!

Tomke hat fertriet. Buorfrou Swietbek docht sa nuver. Se docht oars allegear fleurige dingen mei him; hutte bouwe, boekje lêze, fuotbalje. No sit se mar wat op 'e bank en wol neat mear.

Tomke wol har helpe. Hy giet nei Kokky. Miskien kin dy lekker iten foar syn buorfrou meitsje. 

Tomke mei Kokky helpe yn 'e keuken. Se dogge o sa harren bêst, mar buorfrou fynt neat oan de ferrassing! Hoe komt it dochs dat se net ite wol? Dêr komme Tomke en Kokky gau achter. Gelokkich kinne se buorfrou wer fleurich en fit krije.

 

Nije Tomkefoarstelling 'Lekker ite' 

De foarstelling kin boekt wurde troch bernesintra, gastâlders en bibleteken:

Bysûnderheden: by de foarstelling heart in kleurplaat fan Tomke as kok en in lesbrief.

Foar wa: foar pjutten en beukers. Ek foar de lytskes yn it spesjaal ûnderwiis.

Spilers: Jetske Miedema en Riemkje Pitstra.

Hoe lang duorret de foarstelling: sawat 30 minuten.

Spylflak/romte: boarterslokaal of lokaal yn in pjutteboartersplak, romte yn in byb.

Tal bern: leafst ien foarstelling foar ien eigen groep. De groepen moatte net te grut wêze (graach fan tefoaren oerlis).

Yn te hieren: fanôf 1 febrewaris 2015 oant july 2015 (begjin grutte fakânsje). Graach yn oerlis.

Kosten ynhieren: € 30,-.   

Kontakt: foarstelling is ôfrûn

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Mear foto's fan de foarstelling.

 

 

 

 

Foar de bibleteken is in spesjale Tomke toer! 

Sjoch hjir foar in oersjoch fan dizze foarstellings. Foar fragen oer in foarstelling kin kontakt opnommen wurde mei de pleatslike bibleteek of de bibleteek dy't yn 'e omjouwing tichtby is. 

 

Foar de bernesintra is in lesbrief en kleurplaat makke.  

Lesbrief

Kleurplaat

 

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Der komme wer nije Tomke-útstjoeringen oan! Fan 1 o/m 19 oktober belibbet Tomke alle dagen nije aventoeren mei Romke, Kornelia, Yana Yu en mei al syn oare lytse en grutte freontsjes. De nije útstjoeringen binne te sjen by Omrop Fryslân yn it nije programma ...

De Tomke-foarlêsferhaaltsjes dy’t earder ferskynden yn de Weekkrant Fryslân en lettere bondele binne yn it boek ‘100 x Tomke’ wurde oersetten nei it Biltsk. Fan woansdei 29 augustus ôf binne de Biltske Tomke-ferhaaltsjes wykliks te lêzen yn de Bildtse Post. ...

Yn 2018 is it tema foar Tomke 'Freonskip'! Yn de Taletûn stiet dit tema ek sintraal. Komme jim ek lâns?   Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 feroaret de Prinsetún dit jier yn de Taletún. Jim kinne mei de pjutteplak in ...

Elk jier wurdt der in jierferslach makke fan de aktiviteiten fan it Tomke-projekt. Sjoch hjir om it jierferslach fan 2017 te downloaden. Tomke jierferslach 2017 - Frysk Tomke jaarverslag 2017 - ...

Dat Tomke in soad brûkt wurdt op bernesintra wisten wy al, mar is Tomke ek bekend by de âlders fan pjutten yn Fryslân?   Ja! Docht bliken út ûndersyk dat Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân dien litten hat nei de ûnderfining mei en de ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!