Nijs en Aktiviteiten
19 Jannewaris 2018

Nasjonale Foarlęsdagen 2018

Fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris binne it wer de Nationale Voorleesdagen. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne te befoarderjen. Foarlêze stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en it prikkelet de fantasy. En it is ek noch ris hiel goed foar de bân mei de bern!

 

It printeboek fan it jier 2018 is ‘Ssst! De tijger slaapt’ fan Britta Teckentrup. Dit printeboek is net yn it Frysk ferskynd, mar der is wol in Fryske oersetting makke mei allerhande suggestjes foar aktiviteiten by it foarlêzen. Sa kinne liedsters dit prachtige printeboek dochs yn it Frysk foarlêze!

 

Wolle jim as âlders it printeboek 'Ssst! De tijger slaapt' ek yn it Frysk foarlêze? Klik dan hjir om de pdf fan de lêsbrief ‘Ssst! De tijger slaapt!’ te besjen en te printsjen.

«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Yn 2018 is it tema foar Tomke 'Freonskip'! Yn de Taletûn stiet dit tema ek sintraal. Komme jim ek lâns?   Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 feroaret de Prinsetún dit jier yn de Taletún. Jim kinne mei de pjutteplak in ...

Brrrrr....wat is it kâld!  Tiid foar waarme klean en dan in sniepop meitsje, reedride en op 'e slide! Tomke en Yana Yu sniebalje en drinke poeiermolke. Se fine de winter prachtich! Op de Tomke webside genôch materiaal om mei de bern oan it tema 'Winter' te ...

De kachel en de kearskes oan en fansels de krystbeam fersiere! 'Kryst' is in gesellich tema om mei de bern ferskes te sjongen en te nifeljen. Bernesintra --> ...

Der binne wer hagelnije útstjoerings fan Tomke op Omrop Fryslân! Oer hjerst, oer Sint Marten, oer Sinteklaas en Kryst en noch folle mear! Fan 8 novimber oant 8 desimber alle wurkdagen om 17.45 oere. Sjogge jim ek ...

Hy komt, hy komt...! Sille jim ek de skoech ek sette? Printsje hjir in moaie bouplaat fan in skuontsje, kleurje dy moai op, plak ’m yninoar en sjonge mar! Bouplaat skoech Wa wit bringt Sinteklaas jim it boekje ‘Wolkom Sinteklaas’ wol! Dat is in nij Tomke-boekje, spesjaal ...
«
Pagina1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11
Jou dy op foar de Tomke nijsbrief en bliuw op de hichte!
Alle moannen in nij Tomke aventoer!

Stjoer in digitale kaart fan Tomke!